Hendrika Alida (Riek) van Rumt (Amsterdam, 28 augustus 1897 - dêre, 26 maaie 1985) wie in Nederlânsk turnster.

Sy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Sy waard yn Amsterdam Olympysk kampioene, mei it Nederlânske team op de mearkamp. It wie de earste kear dat it turnjen foar froulju op it Olympyske programma stie. Riek van Rumt ferstoar op 26 maaie 1985, yn 'e âldens fan 87 jier.

Resultaten Olympyske Simmerspullen Jier Plak Resultaten1928Amsterdam Mearkamp lannen

Kategory:Nederlânsk turner Kategory:Nederlânsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1897 Kategory:Persoan stoarn yn 1985