Alida Johanna (Alie) van den Bos (Amsterdam, 18 jannewaris 1902 - dêre, 16 july 2003) wie in Nederlânsk turnster.
Sy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Sy waard yn Amsterdam Olympysk kampioene, mei it Nederlânske team op de mearkamp. It wie de earste kear dat it turnjen foar froulju op it Olympyske programma stie.
Van den Bos bleau nei har aktive karriêre de turnsport trou. Sa wie se trainster fan it Nederlânske team dy't yn 1948 yn Londen fiifde waard. Oan de ein fan har libben wie sy de âldst libjende olympysk kampioene fan de wrâld. Alie van den Bos ferstoar op 16 july 2003, yn 'e âldens fan 101 jier.
Resultaten Olympyske Simmerspullen Jier Plak Resultaten1928Amsterdam Mearkamp lannen
Kategory:Nederlânsk turner Kategory:Nederlânsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1902 Kategory:Persoan stoarn yn 2003