Der aufhaltsame Aufstieg des Arturo Ui (Dútsk foar: "De tsjinkearbere opkomst fan Arturo Ui") is in toanielstik troch Bertolt Brecht, skreaun yn 1941. Brecht wie yn 1933 fuortfluchte, út Dútslân doe't Adolf Hitler oan 'e macht kaam, en sette him nei wenjen yn Denemark. Dêr skreau er in stik oer Giacomo Ui yn Padua. Yn 1939 flechte er fuort ear't it lân oernommen wurde soe, en besocht er nei de Feriene Steaten te kommen. Wylst er dêrta yn 1941 yn Finlân wachte op in fisum, skreau er in nije ferzje fan it ferhaal oer Arturo Ui, no in gangster. It soe lykwols oant 1958 duorje ear't it stik wier útfierd waard.

Ynhâld It stik kin klassifisearre wurde as epysk teäter en bestiet út 17 sênes. Yn in parabel wurdt de steatsoername en - útwreiding fan Adolf Hitler oerbrocht nei de gangsterwrâld. It is modellearre nei it kriminele miljeu dat him yn dy tiid yn 'e FS ûntwikkele. De haadpersoan, Ui, is bedoeld as in foarstelling fan Hitler, mar yn it stik hat er ek trekjes fan gangsterbaas Al Capone. Der binne lykwols ek gauris ferwizings nei Shakespeare, benammen nei Richard III en Macbeth. De matetroep om Hitler hinne haw ek allegear in plak yn it stik krigen, en de wichtichste barrens dy't laat hawwe ta syn machtsoernamme.

Wurdearring Der aufhaltsame Aufstieg des Arturo Ui waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw.

Kategory:Literêr wurk fan Bertolt Brecht Kategory:Dútsktalich toanielstik Kategory:Toanielstik út 1941 Kategory:Satirysk toanielstik Kategory:Likenis Kategory:Literatuer oer de organisearre misdie Kategory:Literatuer oer de Twadde Wrâldkriich Kategory:Literatuer oer nazy-Dútslân Kategory:Werjefte fan Adolf Hitler yn keunst en kultuer Kategory:Werjefte fan Heinrich Himmler yn keunst en kultuer Kategory:Werjefte fan Joseph Goebbels yn keunst en kultuer Kategory:Werjefte fan Hermann Göring yn keunst en kultuer Kategory:Werjefte fan Paul von Hindenburg yn keunst en kultuer