Franz Josef Andrysek (Wenen, 8 febrewaris 1906 - Dêre, 9 febrewaris 1981) wie in Eastenryksk gewichtheffer.

Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924 en 1928). Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen yn de klasse oant 60 kg, fjouwer jier earder yn Parys wie er noch 18e wurden yn deselde klasse. In jier letter waard hy yn Wenen Europeesk kampioen en fjouwer jier letter op it Europeeske kampioenskip fan 1934 yn Genua wûn Andrysek in brûnzen medalje. Franz Andrysek ferstoar op 9 febrewaris 1981, yn 'e âldens fan 75 jier.

Kategory:Eastenryksk gewichtheffer Kategory:Eastenryksk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1906 Kategory:Persoan stoarn yn 1981