Curt Emil (Kurt) Helbig (Rödlitz, 28 juny 1901 - Plauen, 30 jannewaris 1975) wie in Dútsk gewichtheffer.

Hy die yn 1928 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Amsterdam Olympysk kampioen, yn de klasse oant 67,5 kg, tegearre mei de Eastenrykske Hans Haas. Yn 1932 koe er net meidwaan oan de Olympyske Spullen, hoewol't er kwalifisearre wie, omdat syn federaasje gjin jild hie om syn kosten foar de reis nei Los Angeles te beteljen. Kurt Helbig ferstoar op 30 jannewaris 1975, yn 'e âldens fan 73 jier.

Kategory:Dútsk gewichtheffer Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1901 Kategory:Persoan stoarn yn 1975