Bertil Vilhelm Rönnmark (Jämshög, 24 desimber 1905 - Stockholm, 1 july 1967) wie in Sweedsk sportsjitter.

Hy die meardere kearen mei oan de wrâldkampioenskippen, en twa kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear Olympysk kampioen. Yn Los Angeles wûn hy op it ûnderdiel Lytskalibergewear 50 meter lizzend de gouden medalje. Hy waard mearfâldich wrâldkampioen. Hy waard ek meardere kearen Sweedsk kampioen mei ferskate wapens.

Rönnmark wie yn syn deistich libben apoteker, fan 1943 oant 1946 wie er foarsitter fan it haadbestjoer fan de Sweedske apotekersferiening. Bertil Rönnmark ferstoar op 1 july 1967, yn 'e âldens fan 61 jier.

Kategory:Sweedsk sportsjitter Kategory:Sweedsk Olympysk kampioen Kategory:Sweedsk apteker Kategory:Sweedsk bestjoerder Kategory:Persoan berne yn 1905 Kategory:Persoan stoarn yn 1967