Georges Eugène William Buchard (Harfleur, 21 desimber 1893 - Rouen, 22 jannewaris 1987) wie in Frânske skermer.

Buchard begûn yn de âldens fan santjin jier mei skermjen, hy die meardere kearen mei oan de wrâldkampioenskippen, en fjouwer kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924, 1928, 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen fiif kear wrâldkampioen en twa kear Olympysk kampioen mei ferskate swurden. Hy waard ek noch twa kear Frânsk kampioen.

Georges Buchard ferstoar op 22 jannewaris 1987, yn 'e âldens fan 93 jier.

Kategory:Frânsk skermer Kategory:Frânsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1893 Kategory:Persoan stoarn yn 1987