Lorenzo Mario (Renzo) Morigi (Ravenna, 28 desimber 1895 - Bologna, 13 april 1962) wie in Italjaansk sportsjitter.
Renzo Morigi tsjinne yn it Italiaanske leger yn de Earste Wrâldoarloch en sleat him begjin jierren 20 oan by de fassistyske partij. Hy klom op ta polityk sekretaris en wie ferantwurdlik foar de aktiviteiten fan de Swarthimden yn de regio Emylje. Yn 1927 skeat er polityk rivaal Ettore Muti del op it Piazza de Vittorio Emanuele yn Ravenna. Morigi hie him al earder roekeleas en sjitgraach toand, hy skeat faak foar de lol op strjitlantearnen en hy stie bekend as "it minsklike masinegewear".
Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen op it ûnderdiel Sportfluchfjoerpistoal 25 meter lizzend.
Fan 1934-39 wie er lid fan de Keamer fan Offurdigen. Renzo Morigi ferstoar op 13 april 1962, yn 'e âldens fan 66 jier.
Kategory:Italjaansk sportsjitter Kategory:Italjaansk Olympysk kampioen Kategory:Italjaansk politikus Kategory:Italjaansk faksist Kategory:Italjaansk soldaat Kategory:Italjaansk militêr yn de Earste Wrâldkriich Kategory:Persoan berne yn 1895 Kategory:Persoan stoarn yn 1962