thumb| Flagge fan Drylts De flagge fan Drylts is de flagge fan de stêd Drylts, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. Ek is it de flagge fan de eardere gemeente Drylts.
Sûnt 1 jannewaris 1984 wurdt de flagge net langer mear as gemeenteflagge brûkt, omdat de gemeente Drylts doe part wurden is fan de gemeente Wymbritseradiel. Yn 2011 is Wymbritseradiel wer part wurden fan Súdwest-Fryslân.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Trije banen fan giel en blau mei in hichteferhâlding fan 1:3:1; mei op de blauwe baan oan de broekingside in giele kogge mei seil en wimpel.
De kleuren komme út it wapen fan Drylts.
Symbolyk Kogge: oernommen út in âld segel fan de stêd.
Sjoch ek
Drylts Drylts Kategory:Skiednis fan Súdwest-Fryslân Kategory:Drylts