Robert Mandel (Bob) Sutton (South Pasadena, 27 april 1911 - Los Angeles, 13 septimber 1977) wie in Amerikaansk siler.

Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932 en 1936). Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen, yn de 8m R-klasse mei Richard Moore, Owen Churchill, Alan Morgan, William Cooper, Pierpont Davis en Alphonse Burnand. De 8m R-klasse is in mearpersoanskylboat. It jacht hat in lingte fan ungefear 13,50 oant 15,80 meter, in breedte 2,20 oant 2,50 meter en in djipgong fan 2,00 meter; it grutseil mjit 50 m². Robert Sutton ferstoar op 13 septimber 1977, yn 'e âldens fan 66 jier.

Kategory:Amerikaansk siler Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1911 Kategory:Persoan stoarn yn 1977