Richard Fulton Moore (San Bernardino, 11 augustus 1910 - Newport Beach, 16 novimber 2005) wie in Amerikaansk siler.
Hy die yn 1932 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Los Angeles Olympysk kampioen, yn de 8m R-klasse mei Owen Churchill, Alan Morgan, William Cooper, Robert Sutton, Pierpont Davis en Alphonse Burnand. De 8m R-klasse is in mearpersoanskielboat. It jacht hat in lingte fan ungefear 13,50 oant 15,80 meter, in breedte 2,20 oant 2,50 meter en in djipgong fan 2,00 meter; it grutseil mjit 50 m². Richard Moore tsjinne yn de Twadde Wrâldkriich by de Amerikaanske Marine, nei de kriich wie hy wurksum yn de fêstgoedsektor.
Richard Moore ferstoar op 16 novimber 2005, yn 'e âldens fan 95 jier.
Kategory:Amerikaansk siler Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk matroas (militêr) Kategory:Amerikaansk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Amerikaansk makeler Kategory:Persoan berne yn 1910 Kategory:Persoan stoarn yn 2005