It aartsbisdom Hamburch (Dútsk: Erzbistum Hamburg; Latynsk: Archidioecesis Hamburgensis) is in bisdom fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke yn it noarden fan Dútslân. It aartsbisdom beslacht de dielsteaten Hamburch en Sleeswyk-Holstein en it Mecklenburchske diel fan 'e dielsteat Meklenburch-Foarpommeren. It is in bisdom yn 'e diaspoara, mar wat oerflak oanbelanget is it it grutste bisdom fan Dútslân. De biskopssit stiet yn 'e Nije Marijedom yn it Hamburger stedsdiel Sankt Georg.

Skiednis Paus Gregoarius IV makke yn 831 fan Hamburch in aartsbisdom en yn 834 waard de benediktynske muonts Ansgar as de earste aartsbiskop keazen. Nei de plondering fan Hamburch troch de Wytsings yn it jier 845 waard it bisdom mei bisdom Bremen gearfoege ûnder de namme aartsbisdom Hamburch-Bremen en de aartsbiskop syn sit ferhûze doe nei Bremen. Dochs bleau der in kapittel yn Hamburch mei wat rjochten bestean, dy't útein sette mei de bou fan 'e Marijekatedraal.

Yn 'e reformaasje rekke it bisdom yn it neigean en lang om let hold it mei de Frede fan Westfalen yn 1648 op te bestean. De sielssoarch fan 'e katoliken fan it eardere bisdomgebiet waard ynearsten troch it Apostoalyske Fikariaat fan it Noarden fersoarge.

Paus Jehannes Paulus II stifte mei de apostoalyske konstitúsje Omnium Christifidelium fan 24 oktober 1994, dy't op 7 jannewaris 1995 yn wurking gie, it aartsbisdom Hamburch op 'e nij op mei dielen fan it bisdom Osnabrück en lytsere gebieten fan it Hildesheim. De hillige Ansgar waard troch de paus as patroanhillige fan it bisdom oanwiisd.

Tsjerkeprovinsje De aartsbiskop fan Hamburch is metropolyt fan 'e tsjerkeprovinsje mei de bisdommen Hildesheim en Osnabrück.

List fan aartsbiskoppen 24-10-1994 - 16-02-2002: Ludwig Averkamp 22-11-2002 - 21-03-2014: Werner Thissen 26-01-2015 - : Stefan Heße

Hamburch Kategory:Hamburch Kategory:Sleeswyk-Holstein Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1995