Robert Gaston (Bob) Moch (Montesano, 20 juny 1914 - Issaquah, 18 jannewaris 2005) wie in Amerikaansk roeier.
Hy die as studint yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen as de stjoerman fan de Amearika acht.
Moch studearre ôf yn de rjochten, waard nei syn ôfstudearjen roeitrainer oan de Universiteit fan Washington en oan de MIT. Letter gie er as abbekaat oan it wurk. Robert Moch ferstoar op 18 jannewaris 2005, yn 'e âldens fan 90 jier.
Amearika Acht 1936 Herbert Morris Charles Day Gordon Adam John White James McMillin George Hunt Joseph Rantz Donald Hume
The Boys in the Boat It ferhaal fan de Amearika acht fan 1936 is yn 2013 optekene troch Daniel James Brown yn it boek The Boys in the Boat, it boek is yn 2023 ferfilme, troch Robert Clooney.
Kategory:Amerikaansk roeier Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk roeitrainer Kategory:Amerikaansk abbekaat Kategory:Persoan berne yn 1914 Kategory:Persoan stoarn yn 2005