Stikelsturten of stikelsturteinen (Oxyura) binne in fûgelskaai yn 'e famylje fan 'e einfûgels.

De einen ha allegear lange, stive sturtfearren, dy't by it rêsten fakentiden rjocht omheech stean. Se ha fierder allegear relatyf grutte snaffels. It binne dûkeinen, dy't libje op swiertwettermarren en -sompen. De poaten steane fier nei efter, sadat se ûnhandich op it lân binne en leaver op it wetter tahâlde.

Soarten Der binne seis besteande soarten yn it skaai. Ien soarte is yn 'e 16e iuw útstoarn.

Jerk ♂ Sijke ♀ Wittenskiplike namme Fryske namme Status120px 120px Oxyura australis Australyske stikelsturt net bedrige120px 120px Oxyura jamaicensis Amerikaanske stikelsturt net bedrige120px 120px Oxyura ferruginea Andesstikelsturt net bedrige120px 120px Oxyura leucocephala wytkopein bedrige120px 120px Oxyura vittata Argentynske stikelsturt net bedrige120px Oxyura maccoa Afrikaanske stikelsturt bedrige120px Oxyura vantetsi Nijseelânske stikelsturt útstoarn

Kategory:Fûgelskaai Kategory:Einfûgel