George Elwood Hunt Jr. (Puyallup, 1 augustus 1916 - Issaquah, 3 septimber 1999) wie in Amerikaansk roeier.
Hy die as studint yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen mei de Amearika acht.
Hunt studeare ôf as yngenieur, yn de Twadde Wrâldkriich tsjinne Hunt by de Amerikaanske Marine. Nei de kriich rjochte George in tal boubedriuwen op, en foar't hy mei pinsjoen gie yn 1980 wie er wurksum by de technyske ôfdieling fan de haven fan Seattle. George Hunt ferstoar op 3 septimber 1999, yn 'e âldens fan 83 jier.
Amearika Acht 1936 Herbert Morris Charles Day Gordon Adam John White James McMillin Joseph Rantz Donald Hume Robert Moch (stjoerman)
The Boys in the Boat It ferhaal fan de Amearika acht fan 1936 is yn 2013 optekene troch Daniel George Brown yn it boek The Boys in the Boat, it boek is yn 2023 ferfilme, troch George Clooney.
Kategory:Amerikaansk roeier Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk yngenieur Kategory:Amerikaansk ûndernimmer Kategory:Amerikaansk matroas (militêr) Kategory:Amerikaansk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan berne yn 1916 Kategory:Persoan stoarn yn 1999