Herbert Roger (Herb) Morris (Seattle, 16 july 1915 - Maple Valley, 22 july 2009) wie in Amerikaansk roeier.

Hy die as studint yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen mei de Amearika acht.

Morris studeare ôf as wurktúchboukundich yngenieur. hy wurke oan baggerprojekten in 'e omkriten fan Seattle. Herbert Morris ferstoar op 22 july 2009, yn 'e âldens fan 94 jier.

Amearika Acht 1936 Charles Day Gordon Adam John White James McMillin George Hunt Joseph Rantz Donald Hume Robert Moch (stjoerman)

The Boys in the Boat It ferhaal fan de Amearika acht fan 1936 is yn 2013 optekene troch Daniel James Brown yn it boek The Boys in the Boat, it boek is yn 2023 ferfilme, troch George Clooney.

Kategory:Amerikaansk roeier Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk yngenieur Kategory:Persoan berne yn 1915 Kategory:Persoan stoarn yn 2009