The King's Man is in Britsk-Amerikaanske histoaryske spionaazje- en aksjefilm út 2021 ûnder rezjy fan Matthew Vaughn. Dizze film ferwringt de skiednis sa dat er boppedat ta it fantasy-subsjenre fan 'e alternate history rekkene wurde moat. De haadrollen wurde fertolke troch Ralph Fiennes en Harris Dickinson, mei Charles Dance, Rhys Ifans, Djimon Hounsou, Gemma Arterton, Matthew Goode en Daniel Brühl yn 'e wichtichste byrollen. De titel betsjut "De Keningsman".
The King's Man heart ta de filmsearje Kingsman en is in prequel fan 'e foargeande dielen Kingsman: The Secret Service (2014) en Kingsman: The Golden Circle (2017). It ferhaal giet oer de oarsprong fan 'e private geheime tsjinst Kingsman en folget de pasifistyske Ingelske ealman Orlando hartoch fan Oxford. Dyselde komt ûnder de Earste Wrâldoarloch in geheim genoatskip op it spoar dat de oarloch mei opsetsin feroarsake hat en oan 'e gong hâldt. Yn 'e mande mei syn soan Conrad, syn butler Shola en syn gûvernante Polly set Oxford útein mei in misje om 'e doelen fan 'e gearspanners te dwerseidzjen en de oarloch te beëinigjen.
Fan 'e filmkritisy krige The King's Man mingde oant negative resinsjes. Yn 'e bioskopen wie de film in beskieden kommersjeel súkses, mar as men de marketingkosten meirekkenet, kaam The King's Man úteinlik net út 'e reade sifers. Nettsjinsteande dat is der anno 2024 in ferfolch yn produksje, dat The King's Man: The Traitor King komme moat te hjitten.
Plot Yn 1902 bringe de pasifistyske Ingelske ealman Orlando hartoch fan Oxford, syn frijfochten frou, hartoginne Emily, en harren jonge soan Conrad in besyk oan ien fan 'e Britske konsintraasjekampen yn Súd-Afrika. Dêr wurde yn 'e Twadde Boere-oarloch ûnder erbarmlike omstannichheden Afrikaner froulju, bern en âlden fan dagen finzen holden, sadat se de guerriljastriders út 'e Boererepubliken Transfaal en de Oranje-Frijsteat net ûnderstypje kinne. De Oxfords bringe iten en medisinen fan it Reade Krús, en de hartoch moetet yn it kamp syn âlde freon generaal Herbert Kitchener. As in Boere-slûpskutter it kamp ûnder fjoer nimt om Kitchener te deadzjen, rekket er by fersin hartoginne Emily. Wylst hja yn it stjerren leit, twingt se har man in ûnthjit ôf om harren soan Conrad te beskermjen tsjin elts gefaar.
Tolve jier letter hat Oxford in spionnerûnte opset besteande út leden fan it tsjinstfolk yn eltse wichtige haadstêd yn 'e wrâld. Mei de ynformaasje dy't de leden fan syn netwurk foar him garje, hopet er foar te kommen dat der ea wer in grutte oarloch útbrekke sil. Syn soan Conrad sjocht de wrâld lykwols folslein oars. Hy wol krekt graach yn it Britske Leger gean om him op it slachfjild te bewizen. Dêr stekt syn heit lykwols in stokje foar troch him soks te ferbieden salang't er noch minderjierrich is. Boppedat bepraat er Kitchener, dy't no de Britske minister fan Oarloch is, om Conrad net yn it leger ta te litten.
Op fersyk fan Kitchener geane Oxford en Conrad yn op in útnûging dy't se ûntfongen hawwe fan aartshartoch Frâns Ferdinand, de troanopfolger fan Eastenryk-Hongarije. Sadwaande nimme se diel oan it besyk fan Frâns Ferdinand yn juny 1914 oan Sarajevo, yn it troch Eastenryk besette Bosnje. Se binne oanwêzich wannear't de nasjonalistyske Serf Gavrilo Princip by in moardoanslach Frâns Ferdinand en syn frou Sofy fan Hohenberg deasjit. Dat barren liedt ta it útbrekken fan 'e Earste Wrâldoarloch.
Troch syn spionnenetwurk komt Oxford geandewei oan 'e weet dat it útbrekken fan sa'n grutte oarloch gjin ûngelokkigge gearrin fan omstannichheden wie, mar mei opsetsin útlokke waard troch in geheim genoatskip, dat himsels oantsjut as "de Keppel". Princip hearde dêrta en itselde jildt foar ferskate neiste adviseurs fan keizer Wilhelm II fan Dútslân, tsaar Nikolaas II fan Ruslân en kening George V fan it Feriene Keninkryk. De Keppel stiet ûnder lieding fan in mysterieuze man, "de Hoeder", waans úteinlike doel is om ûnôfhinklikheid te winnen foar syn heitelân Skotlân troch de Britske, Frânske, Dútske, Eastenryksk-Hongaarske en Russyske riken inoar op it slachfjild deabliede te litten. Syn trewanten litte har liede troch har eigen doelen, dy't benammen it garjen fan macht en rykdom omfiemje.
Yn opdracht fan 'e Hoeder, dy't Ruslân fan it striidtoaniel ôffiere wol sadat Dútslân Ingelân ferneatigje kin, fergiftiget de mûnts Grigori Raspûtin, in riedsman fan tsarina Aleksandra, de tsarevitsj Aleksej, de syklike soan en erfgenamt fan tsaar Nikolaas. Dêrnei sjantearret er de tsaar om syn lân út 'e oarloch werom te lûken as er wol dat Raspûtin it jonkje genêst, wat er op wûnderbaarlike wize docht nei't de tsaar tasein hat te dwaan wat fan him frege wurdt. Foarst Feliks Jûsûpov, in neef fan Conrad, stiet dy gong fan saken net en ljochtet Conrad yn oer syn fertinkings tsjin Raspûtin. Conrad jout dy ynformaasje troch oan Kitchener en dy syn adjudant, majoar Max Morton. Dy beiden sette yn in kruser fan 'e Britske Keninklike Marine ôf nei Ruslân, mar op 'e Noardsee wurdt harren skip, de de HMS Hampshire, ta sinken brocht troch in Dútske ûnderseeër, wêrby't alle opfarrenden omkomme.
Nei't de deatynge fan Kitchener de hartoch fan Oxford berikt, set dy mei Conrad en mei syn swarte butler Shola en syn gûvernante Polly Wilkins, dy't syn neiste meiwurkers binne, yn it stee fan Kitchener ôf nei Ruslân. It fjouwertal wennet in krystdiner yn it paleis fan foarst Jûsûpov by, dêr't Raspûtin ek oanwêzich is. Nei't se him mei in ferlechje by de oare gasten wei lokke hawwe, besykje se him út 'e wei te romjen, earst troch him te fergiftigjen, dêrnei troch him dea te stekken en dan troch him te ferdrinken. Raspûtin, dy't wier oer boppenatuerlike fermogens liket te beskikken, is lykwols net dea te krijen, dat nei in ôfgryslik gefjocht tusken him en Oxford, Conrad en Shola is it úteinlings Polly dy't him út 'e ljochten helpt troch him troch de holle te sjitten.
Om foar te kommen dat de Feriene Steaten har mei de oarloch bemuoie sille, bepraat Erik Jan Hanussen, de neiste riedsman fan keizer Wilhelm II fan Dútslân, syn master om Meksiko oan te setten ta in ynvaazje fan it Amerikaanske Súdwesten. It berjocht fan dy strekking tusken it Dútske regear yn Berlyn en de Dútske ambassade yn Meksiko-Stêd, it saneamde Zimmermann-tillegram, wurdt ûnderskept troch de Britske ynljochtingetsjinsten, mar de kodearring liket ûnbrekber. Oxford wit in kopy fan 'e tekst te bemachtigjen en it slagget Polly om 'e koade te ûntsiferjen. Neitiid spilet Oxford de tekst fan it tillegram fia kening George V sels werom nei de Britske ynljochtingestsjinsten, yn 'e folle oertsjûging dat it iepenbier meitsjen fan 'e tekst de Amerikaanske presidint Woodrow Wilson ta in oarlochsferklearring oan Dútslân bringe sil. Mar Wilson fynt de ynhâld fan it tillegram sa fiersocht, dat er fermoedet dat it om in ferfalsking giet.
De oerwinning fan Oxford-en-dy, om Ruslân troch de dea fan Raspûtin yn 'e oarloch te hâlden, is fan koarte doer. De Hoeder skeakelet in oar lid fan syn Keppel yn om 'e grizelige mûnts te ferfangen. Dêrby giet it om Vladimir Iljitsj Lenin, dy't yn opdracht fan 'e Hoeder de Russyske Revolúsje útfiert, tsaar Nikolaas II twingt om troansôftstân te dwaan en letter de tsaar en syn hiele húshâlding fermoardzje lit. Under it nije bolsjewistyske regear lûkt Ruslân him dochs werom út 'e oarloch. It wurdt sadwaande nammenste wichtiger dat de Feriene Steaten harren stipe efter it Feriene Keninkryk en de oare Alliëarden smite.
Underwilens is Conrad mearderjierrich wurden en kin Oxford syn soan net mear út it Britske Leger hâlde. De jonge folget in troch de oarlochssitewaasje ferkoarte oplieding ta ofsier en komt by de Grenadier Guards te tsjinjen. As freonetsjinst oan syn heit beävensearret kening George V lykwols dat er yn Londen legere wurdt ynstee fan dat er nei it front stjoerd wurde sil. Conrad, dy't yn dy feilige stasjonearring de ynfloed fan syn heit sjocht, siket yn argewaasje syn taflecht ta drastyske maatregels: hy jout Archie Reid, in sljochtwei soldaat fan de Black Watch, befel om mei him fan militêr unifoarm en identiteit te wikseljen, sadat er mei de rest fan dat Skotske rezjimint nei it Westfront yn Frankryk gean kin. Reid stjoert er mei berjocht oer wat er dien hat nei syn heit ta.
Yn 'e momkape fan Archie Reid jout Conrad himsels fuortendaliks op as der, koart nei de oankomst fan it rezjimint oan it front, frege wurdt om frijwilligers. Hy moat yn it nimmenslân tusken de rinfuorgen de ynformaasje ophelje dy't in Britske spion by him droech. De man besocht fan 'e Dútske nei de Alliëarde kant oer te stekken mar helle it net. Conrad is de iennichste fan it groepke frijwilligers dy't in gefjocht yn it nimmenslân oerlibbet. Hy treft dêr neitiid de Britske spion libben oan, hoewol't er ien fan syn skonken kwytrekke is. Mei de spion oer it skouder besiket Conrad werom te kommen nei de Alliëarde liny. Dat slagget him ek, hoewol't de spion it net oerlibbet. As Conrad de ynformaasje fan 'e man besiket troch te jaan oan in ofsier, lûkt er lykwols de oandacht fan in freon fan 'e wiere Archie Reid. Dy nimt oan dat Conrad in Dútske spion is dy't syn freon fermoarde hat om syn plak yn te nimmen. Sûnder noch op útlis te wachtsjen, sjit er Conrad op slach dea.
It omkommen fan syn soan is in swieren slach foar de hartoch fan Oxford, dy't djip weirekket yn in depresje. It feit dat de ynformaasje dy't Conrad út it nimmenslân werombrocht hat, de autentisiteit fan it Zimmermann-tillegram befêstiget, jout him gjin treast. It helpt trouwens ek net, want presidint Wilson wegeret om ûnferklearbere redens noch altyd om syn lân yn 'e oarloch te belûken. Nei't Polly op ûnotterdokse wize Oxford der wer by skuord hat, komt de hartoch fan 'e Amerikaanske ambassadeur yn Londen oan 'e weet dat presidint Wilson sjantearre wurdt om syn lân bûten de oarloch te hâlden. Dat wurdt dien troch Mata Hari, dy't Wilson yn opdracht fan 'e Hoeder ferlaat hat ta it bedriuwen fan oerhoer en dat filme hat. Oxford nimt Mata Hari finzen en ûnderfreget har oer it plak dêr't se de negativen fan 'e film brocht hat, mar hja wegeret wat te sizzen.
Oan 'e hân fan har djoere sjaal fan in tige spesifyk soarte kashmir identifisearret de hartoch lykwols wêr't it haadkertier fan 'e Keppel fêstige is. Yn 'e oertsjûging dat de negativen fan 'e film dêr perfoarst bewarre wurde sille, set er der mei Shola en Polly hinne. It haadkertier is fêstige op in steile rjotspjuts dy't bewenne wurdt troch de Hoeder en syn keppel geiten. Op spektakulêre wize krije Oxford en Shola tagong ta de hege rots, dêr't se ôfweve mei de skyldwachten fan 'e Hoeder en dêrnei it gefjocht oangeane mei dy mysterieuze man sels. It docht bliken dat it nimmen oars is as Morton, de adjudant fan Kitchener, fan wa't oannommen waard dat er mei de minister omkommen wie. Mei help fan Shola (en fan in earder troch Morton tramtearre geitebok dy't op wraak sint) wit Oxford syn fijân te ferslaan en fan 'e rotspjuts te smiten, dat er tepletter falt. Polly hat ûnderwilens de negativen fan it filmke fan Mata Hari weromfûn, dy't oan presidint Wilson taspile wurde. Nei't dy de negativen ferbaarnd hat, bringt er de Feriene Steaten oan 'e kant fan 'e Alliëarden yn 'e oarloch. Fan gefolgen moatte Dútslân en de oare Sintralen dan al rillegau belies jaan.
Yn 1920 keapet Oxford de Kingsman-kleanwinkel oan Saville Row yn Londen, sadat er dy as front brûke kin foar de private geheime tsjinst Kingsman. Dy organisaasje rjochtet er op om derfoar te soargjen dat der nea wer in wrâldoarloch útbrekke kin. Syn mei-oprjochters binne Shola, Polly, Archie Reid, kening George V en Walter Hines Page, de Amerikaanske ambassadeur yn it Feriene Keninkryk. Elts fan harren kriget in koadenamme út 'e Arthurleginden taparte as hulde oan Conrad Oxford, dy't as bern sa fan dy ferhalen hold.