Ernst Ludwig Gaber (Mannheim, 6 juny 1907 - 13 augustus 1975) wie in Dútsk roeier.

Ernst Gaber die trije kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1928 , 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen ien kear Olympysk kampioen. Yn 1936 mei Hans Maier, Walter Volle, Paul Söllner en stjoerman Fritz Bauer yn 'e fjouwer mei stjoerman, yn 1932 wûn hy sulver mei Karl Aletter, Hans Maier en Walter Flinsch yn de fjouwer sûnder stjoerman. Yn 1935 waard er mei Rudolf Eckstein, Anton Rom, Wilhelm Menne, en stjoerman Johann Pfadenhauer Europeesk kampioen yn de fjouwer mei stjoerman.

Gaber gie yn juny 1933 by de SS en waard yn augustus 1936 befoardere ta SS-Untersturmführer. Ernst Gaber ferstoar op 13 augustus 1975, yn 'e âldens fan 68 jier.

Kategory:Dútsk roeier Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Dútsk faksist Kategory:Lid fan de SS Kategory:Persoan berne yn 1907 Kategory:Persoan stoarn yn 1975