thumb| Flagge fan Tsjummearum De flagge fan Tsjummearum is de flagge fan it doarp Tsjummearum, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. De flagge waard yn 2012 registrearre.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Trije flechtskeanbanen, wêrfan de earste dielline rint fan'e midden fan de flaggehichte oant it midden fan boppekant fan de flagge, en de twadde fan de broekhoeke nei de flechttop, yn de kleuren giel, blau en read; de blauwe baan belein mei in giele nôtskeaf.

De kleuren komme út it wapen fan Tsjummearum.

Symbolyk Skeane yndieling: in saneamde Martinusdieling dy't ferwiist nei Martinus fan Toers, patroanhillige fan de Sint-Martinustsjerke fan Tsjummearum. Read fjild: ferwiist nei de mantel fan Martinus fan Toers, hy snijde syn mantel yn twaen om dat stik oan in bidler te jaan. Nôtskeaf: ferwiist nei it wapen fan Barradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.

Sjoch ek

Tsjummearum Kategory:Tsjummearum