thumb| Wapen fan Aldtsjerk It wapen fan Aldtsjerk is it wapen fan it doarp Aldtsjerk, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn 1984 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn read in krús fan sulver; oer alles hinne in út'e grûn skuorde beam fan grien; yn alle kertieren in dûbelde blom fan de boskanemoan fan sulver.

De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver en sinopel (grien).

Symbolyk Sulveren krús: ferwiist nei it Norbertinen kleaster Bethlehem, dat noardwestlik fan it doarp stie. Blom fan boskanemoan: de boskanemoan mei in dûbelde blom is in stinzeplant. Dit is in ferwizing nei de state De Klinze yn it doarp.

Sjoch ek

Aldtsjerk Kategory:Aldtsjerk