Konrad Frey (Bad Kreuznach, 24 april 1909 - dêre, 24 maaie 1974) wie in Dútsk turner. Hy waard yn 1936 trijedûbeld Olympysk kampioen.
Biografy Hy die ienris mei oan it Wrâldkampioenskip, en oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen trije kear Olympyske kampioen. Hy waard ek trije kear Dútsk kampioen.
Nei syn dielname oan de Olympyske Spullen waard Frey sportlearaar. Nei't it lidmaatskipsferbod fan de NSDAP ferrûn wie, tsjinne er op 6 july 1937 in oanfraach yn om lid te wurden fan de NSDAP en waard mei weromwurkjende krêft oant 1 maaie fan itselde jier akseptearre. Yn'e Twadde Wrâldkriich tsjinne er as sersjant oan it Eastfront. Nei de kriich waard Frey op 'e nij befoege as sportlearaar, mar der is neat bekend oer syn untnazifisearring.
Yn 1954 waard Frey beneamd ta amtner foar it libben en fan 1955 oant 1961 wie er spesjalisearre adviseur foar skoalsport; hy gie yn 1967 mei pensjoen. Konrad Frey ferstoar op 24 maaie 1974, yn 'e aldens fan 65 jier.
Resultaten Olympyske Simmerspullen Jier Plak Resultaten1936BerlynBrêge Foltiizjehynder Mearkamp lannen Rekstôk Flier
wrâldkampioenskippen turnen Jier Plak Resultaten1934Bûdapest Mearkamp lannen
Kategory:Dútsk turner Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Lid fan de NSDAP Kategory:Dútsk soldaat Kategory:Dútsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan berne yn 1909 Kategory:Persoan stoarn yn 1974