Georges Miez (Töss, 2 oktober 1904 - Savosa, 17 april 1999) wie in Switserske turner.

Hy die ien kear mei oan it Wrâldkampioenskip en fjouwer kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1924, 1928, 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen twa kear wrâldkampioen, en fjouwer kear Olympyske kampioen.

Nei it beëinigjen fan syn wedstriidkarriêre yn 1936 wurke Miez as nasjonale turntrainer en dêrnei as Reade Krús- funksjonaris yn Switserlân. Georges Miez is de meast lauwere olympyske dielnimmer út Switserlân, allinne de skânsspringer Simon Ammann hat ek fjouwer gouden medaljes helle foar Switserlân. Georges Miez ferstoar op 17 april 1999, yn 'e âldens fan 94 jier.

Resultaten Olympyske Simmerspullen Jier Plak Resultaten1924Parys24ste Mearkamp yndividueel, Mearkamp lannen,5e Rekstôk 1928Amsterdam Mearkamp yndividueel, Mearkamp lannen, Rekstôk, Foltiizjehynder,4e Sprong,8se Ringen1932Los Angeles Flier1936Berlyn Flier, Mearkamp lannen,8ste Sprong,14e Mearkamp yndividueel

wrâldkampioenskippen turnen Jier Plak Resultaten1934Bûdapest Flier, Mearkamp lannen, Rekstôk

Kategory:Switsersk turner Kategory:Switsersk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1904 Kategory:Persoan stoarn yn 1999