Karl Alfred Markus (Afred) Schwarzmann (Fürth, 23 maart 1912 - Goslar, 11 maart 2000) wie in Dútsk turner. Hy waard yn 1936 trijedûbeld Olympysk kampioen.
Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1936 en 1952). Hy waard by dizze kampioenskippen trije kear Olympysk kampioen.
Yn 1929 gie Schwarzmann yn tsjinst by it Dútske leger. Hy wie as parasjutist belútsen by de ynvaazje yn Poalen, de slach om Nederlân, (dêr't hy yn de omkriten fan Moerdijk by ferwûne rekke), en de lâning op Kreta.
Fan 1946 oant 1947 wie Schwarzmann sportlearaar yn Braunschweig. Yn 1948 kaam er nei Goslar, dêr't er sportlearaar wie oan it Ratsgymnasium Goslar. Yn 1952 mocht er opnij meidwaan oan de Olympyske Simmerspullen. Yn Helsinki wûn er in sulveren medalje oan de rekstôk.
Alfred Schwarzmann ferstoar op 11 maart 2000, yn 'e âldens fan 87 jier.
Resultaten Olympyske Simmerspullen Jier Plak Resultaten1936BerlynSprong, Mearkamp Yndividueel, Mearkamp lannen, Rekstôk, Brêge,10e Flier,4e Ringen,7e Foltiizjehynder1952Helsinki Rekstôk,27ste Mearkamp Yndividueel,4e Mearkamp lannen,78ste Flier,13e Sprong,15e Brêge,58ste Ringen,65ste Foltiizjehynder
Kategory:Dútsk turner Kategory:Dútsk Olympysk kampioen Kategory:Dútsk soldaat Kategory:Dútsk militêr yn de Twadde Wrâldkriich Kategory:Persoan berne yn 1912 Kategory:Persoan stoarn yn 2000