Louis Hostin (Saint-Étienne, 21 april 1908 - Boisseron, 28 juny 1998) wie in Frânsk gewichtheffer.

Hy die fiif kear mei oan de Europeeske kampioenskippen twa kear oan it Wrâldkampioenskip en trije kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1928, 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen twa kear Europeesk kampioen en Olympysk kampioen yn de klasse oant 82,5 kilogram. By de Spullen yn 1928 behelle Hostin in sulveren medalje. Hy waard ek tretjin kear Frânsk kampioen. Louis Hostin ferstoar op 28 juny 1998, yn 'e aldens fan 90 jier.

Kategory:Frânsk gewichtheffer Kategory:Frânsk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1908 Kategory:Persoan stoarn yn 1998