Robert Fein (Wenen, 9 desimber 1907 - Dêre, 2 jannewaris 1975) wie in Eastenryksk gewichtheffer.

Hy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Hy waard yn Berlyn Olympysk kampioen, yn de klasse oant 67,5 kg, tegearre mei de Egyptyske Anwar Mesbah. Nei de Twadde Wrâldkriich hie er ferskate hege funksjes yn de Eastenrykse en ynternasjonale gewichthefbûn. Robert Fein ferstoar op 2 jannewaris 1975, yn 'e aldens fan 67 jier.

Kategory:Eastenryksk gewichtheffer Kategory:Eastenryksk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1907 Kategory:Persoan stoarn yn 1975