Anthony (Tony) Terlazzo (Patti, Itaalje, 28 july 1911 - Los Angeles, 26 maart 1966) wie in Amerikaansk gewichtheffer, fan Italjaansk komôf.

Hy die twa kear mei oan it Wrâldkampioenskip en twa kear oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1932 en 1936). Hy waard by dizze kampioenskippen twa kear wrâldkampioen en ien kear Olympysk kampioen by de Spullen yn Berlyn. By de Spullen yn 1932 behelle Terlazzo in brûnzen medalje. Hy waard ek tolve kear Amerikaansk kampioen.

Anthony Terlazzo ferstoar op 26 maart 1966, yn 'e aldens fan 54 jier.

Kategory:Amerikaansk gewichtheffer Kategory:Amerikaansk Olympysk kampioen Kategory:Amerikaansk persoan fan Sisyljaansk komôf Kategory:Persoan berne yn 1911 Kategory:Persoan stoarn yn 1966