thumb| Flagge fan Nij Beets De flagge fan Nij Beets is de flagge fan it doarp Nij Beets, yn de Fryske gemeente Opsterlân. It wapen waard yn 1994 reigstrearre.
It ûntwerp is fan J.C. Terluin.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Trije banen swart-giel-swart, wêrfan de middelste weagjend is, yn de ferhâlding fan 1:2:1. De giele baan belein mei in swarte turf, in reade klaver en in swarte turf, pleatse fanôf de broekside op 2/9, 1/2 en 7/9 flaggelingte. De turven mei in grutte gelyk oan 1/6 flaggehichte x 1/5 flaggelingte, de klaver mei in hichte fan 2/5 flaggehichte.
De kleuren komme út it wapen fan Nij Beets.
Symbolyk
Swarte banen: ferwiist nei it fean yn de omkriten fan it doarp. Weagen: ferwize nei it it diel "Beets" fan de plaknamme, wat beek betsjut. It giet om De Boarn. Giele baan: ferwiist nei de sângrûn wêr't it doarp op leit. Sulveren turven: in ferwizing nei de feanterij yn de omkriten fan it doarp. Reade klaver: ferwiist nei it agraryske karakter fan it doarp.
Sjoch ek
Nij Beets Kategory:Nij Beets