thumb| Wapen fan Boer It wapen fan Boer is it wapen fan it doarp Boer, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn 2005 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn goud in blauwe weagjende skeanbalke, belein mei in sulveren ielstekker; de weagjende skeanbalke boppe beselskippe fan in reade roas en ûnder fan in griene klaver.

De heraldyske kleuren binne: goud, azuer (blau), sulver, kiel (read) en sinopel (grien).

Symbolyk

Blauwe skeanbalke: ferbyldet it wetter De Rie, dêr't it doarp oan leit. Roas: oernommen út it wapen fan Frjentsjerteradiel, de gritenij en gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie. Klaverblêd: synboal foar it agraryske karakter fan it doarp. Ielstekker (Elger): ferwiist nei de famylje Elgersma, dy't in state by it doarp bewenne. Ek stiet de Ielstekker foar it fiskjen op Iel yn De Rie. Kleurstelling: oernommen út it âlde wapen fan Frjentsjerteradiel.

Sjoch ek

Boer Kategory:Boer (plak)