thumb| Wapen fan Parregea It wapen fan Parregea is it wapen fan it doarp Parregea, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 1969 registrearre.
Skiednis Parregea is ien fan de Fryske plakken dêr't in âld wapen fan oerlevere is. It wapen komt fan in wynwizer op it koar fan de Sint-Jehannes de Dopertsjerke fan Parregea.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Dield: 1. de Fryske earn; 2. yn swart trije sulveren fisken mei reade boarst-, bûk- en rêchfin boppe inoarren.
De heraldyske kleuren binne: goud, sabel (swart), sulver en kiel (read).
Symbolyk Fryske heale earn: ferwiist nei de kontakten fan it doarp mei de stêd Warkum. De heale earn komt ek foar yn it wapen fan Warkum. Fisken: fewize nei de eardere fiskerij op de eardere Parregeastermar.
Sjoch ek
Parregea Kategory:Parregea