Bauke Schuurer (Makkingea, 29 oktober 1898 – It Hearrenfean, 6 juny 1980) wie in Frysk amtner en politikus.
Hy waard berne yn Makkingea as soan fan Johannes Schuurer (1866-1953) en Kornelia Meek (1868-1926). Hy gie begjin 1920 te wurkjen by de gemeentesekretary fan Utingeradiel, wie dêr letter kommys fan de sekretary en folge yn april 1938 A. Groeneveld op as gemeentesekretaris fan Utingeradiel. Schuurer ferfolle dy funksje oant er yn novimber 1963 mei pinsjoen gie. Justjes dêrnei wie er hast in heal jier waarnimmend boargemaster van Drylts en fan novimber 1966 ôf wie er fjouwer moanne waarnimmend boargemaster fan Flylân. Om 1970 ferhuze er nei in fersoargingsflat op It Hearrenfean dêr't er yn 1980 yn 'e âldens fan 81 jier ferstoar.
Sjoch ek List fan boargemasters fan Drylts List fan boargemasters fan Flylân
Kategory:Frysk amtner Kategory:Frysk politikus Kategory:Boargemaster fan Drylts Kategory:Boargemaster fan Flylân Kategory:Persoan berne yn Makkingea Kategory:Persoan stoarn op It Hearrenfean Kategory:Persoan berne yn 1898 Kategory:Persoan stoarn yn 1980