thumb| Wapen fan Huzum It wapen fan Huzum is it wapen fan it eardere doarp Huzum (no part fan Ljouwert), yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1994 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Weagjend trochsneid; I yn azuer in útkommende liuw fan goud; II yn sulver in seispuntige stjer fan kiel, beselskippe fan twa klaverblêden fan sinopel.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud, sulver, kiel (read) en sinopel (grien).
Symbolyk
Seispuntige stjer: in saneamde "gidsstjer" dy't in haadplak oanjout. Huzum wie it haadplak fan de gritenij en gemeente Ljouwerteradiel. Heale rizende liuw: oernommen út it wapen fan Ljouwerteradiel. Klaverblêden: oernommen út it wapen fan Ljouwerteradiel. Ek ferwize de klavers nei de eardere greiden fan it doarp. Weagjende trochsnijing: symboal foar De Potmarge en Wurdumer Feart, twa wetterwegen yn de eardere himrik fan it doarp. Kleurstelling skyldfoet: oernommen út it wapen fan Eastergoa.
Sjoch ek
Huzum Kategory:Huzum