thumb| Flagge fan Sweagerfean De flagge fan Sweagerfean is de flagge fan it eardere doarp (no part fan Kollumersweach) Sweagerfean, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. De flagge waard yn 1976 registrearre.
De doarpsflaggen fan 14 doarpen yn Kollumerlân en Nijkrúslân binne yn de jierren 1969/70 makke yn oerlis mei de Fryske Rie foar Heraldyk en de hearen Minnema, Keune en Offringa, leden fan de Kommisje Geakunde fan Kollumerlân en Nijkrúslân. Yn de ûntwerp perioade hawwe de bestjoeren fan de Pleatslik Belang-organisaasjes yn elk fan de doarpen, de ûntwerpen besprutsen, en goedkart of ôfwiisd, yn it lêste gefal waard in nij ûntwerp oanbean.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Trije banen grien en giel, wêrfan't de hichten har ferhâlde as 1:2:1, mei oer it midden, op de hichte fan 1/6 en op de hichte fan 1/3 fan de flaggehichte, neist mekoar, trije swarte rjochthoeken.
De kleuren komme út it wapen fan Sweagerfean.
Symbolyk
Swarte blokken: stie foar trije turfen as ferwizing nei it diel "fean" yn de plaknamme.
Sjoch ek
Sweagerfean Kategory:Sweagerfean