Ján Zachara (Trenčín, 27 augustus 1928 - Nová Dubnica, 2 jannewaris 2025) wie in Slowaaksk bokser. Wilens syn karriêre kaam hy út foar it doetiidske Tsjechoslowakije. Hy die twa kear mei oan de Olympyske Simmerspullen (yn 1952 en 1956). Hy waard yn 1952 Olympysk kampioen hy wûn de final fan de Italjaanske bokser Sergio Caprari, yn 1956 kaam er oant de kwartfinales hy ferlear de striid fan de Fin Pentti Hämäläinen. Nei syn wedstriidkarriêre fêstige er him yn Dubnica nad Váhom, dêr't er jonge boksers trainde foardat er him weromluts út de sport. Ján Zachara ferstoar op 2 jannewaris 2025, yn 'e âldens fan 96 jier.
Kategory:Slowaaksk bokser Kategory:Slowaaksk Olympysk kampioen Kategory:Persoan berne yn 1928 Kategory:Persoan stoarn yn 2025