thumb| Wapen fan Sweagerfean It wapen fan Sweagerfean is it wapen fan it eardere doarp (no part fan Kollumersweach) Sweagerfean, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1976 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn goud fjouwer griene, yn in krús pleatse klaverblêden mei de stâlen nei mekoar ta, mei yn it skyldhaad trije swarte turfen.

De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien) en sabel (swart).

Symbolyk

Turfen: ferwiist nei it part "fean" yn de plaknamme fan it doarp. Klaverblêden: ferwize nei it agraryske karakter fan it doarp. It krús dêr't de blêden yn set binne ferwiist nei it krúspunt fan diken yn it eardere doarp.

Sjoch ek

Sweagerfean Kategory:Sweagerfean