thumb| Flagge fan Easthim De flagge fan Easthim is de flagge fan it doarp Easthim, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. De flagge waard yn 2011 registrearre.

Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:

Fiif banen fan grien, giel, blau, giel en grien, mei in hichte yn de ferhâlding 2:1:6:1:2 fan de flaggehichte; in griene trijehoek mei de punt yn'e midden fan de flagge, fan trije banen giel, grien en giel, yn de ferhâlding 2:8:2 fan de hichte fan de flagge, de trijehoek bedutsen mei in wite klaver.

De kleuren komme út it wapen fan Easthim.

Sjoch ek

Easthim Kategory:Easthim