thumb| Flagge fan Lúkswâld De flagge fan Lúkswâld is de flagge fan it doarp Lúkswâld, yn de Fryske gemeente Opsterlân. It wapen waard yn 1999 registrearre.
Beskriuwing De beskriuwing fan de flagge is:
Trije banen: blau, giel en grien, folgens de broekingsdiagonaal yn in breedteferhâlding fan 2:1:1, de earste, blauwe, baan lizzend yn de broekhoeke en belein mei in wyt klaverblêd.
De kleuren komme út it wapen fan Lúkswâld.
Symbolyk
Skeane banen: in faak brûkte yndieling foar doarpen yn it heidelânskip fan Fryslân. Blau fjild: blauwe trijehoeke, oernommen út it wapen fan Lúkswâld. It doarp wurdt ek wol "Lúksterhoeke" neamt. Giele baan: ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit. Grien fjild: ferwiist nei de elzetakken út it wapen fan it doarp. De takken ferwize nei it part "wâld" yn de plaknamme. Dat wiist nei it foarkommen fan elzen, bjirken en wylgen yn de omkriten fan it doarp. Wite klaver: stiet foar de greiden yn de omkriten fan it doarp.
Sjoch ek
Lukswald Kategory:Lúkswâld