thumb| Wapen fan Sweagerbosk It wapen fan Sweagerbosk is it wapen fan it doarp Sweagerbosk, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1976 registrearre.
Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:
Yn fjouweren dield: I en IV: Fan sulver, belein mei in griene útrukte beam. II en III: Fan read, belein mei in skieppeskjirre, yn it skyldhaad beselskippe fan twa bijen, alles fan sulver.
De heraldyske kleuren binne: sulver, sinopel (grien) en kiel (read).
Symbolyk
Beammen: ferwize nei it wurd "bosk" yn de plaknamme. Reade kertieren: ferwize nei de eardere heide yn de omkriten fan it doarp. Skieppeskjirre: symboal foar de skiep dy op de heide ronnen. Bijen: stie foar de bijen dy yn de simmer op de heide holden waarden.
Sjoch ek
Sweagerbosk Kategory:Sweagerbosk