thumb| Wapen fan Reduzum It wapen fan Reduzum is it wapen fan it doarp Reduzum, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1986 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn blau in gouden nôtskeaf; dêrboppe yn it skyldhaad twa gouden stjerren mei dêrtusken in omkearde sulveren wassenaar.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud en sulver.

Symbolyk

Nôtskeaf: oernommen út it wapen fan famylje Fan Aytta. Dizze famylje bewenne meardere staten yn it doarp. Stjerren: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Bootsma, dy't de state Twiksel bewenne. Wassenaar: ek oernommen út it wapen fan de famylje Fan Bootsma.

Sjoch ek

Reduzum Kategory:Reduzum