thumb| Wapen fan Waaksens It wapen fan Waaksens is it wapen fan it doarp Waaksens, yn de Fryske gemeente Noardeast-Fryslân. It wapen waard yn 1988 registrearre.

Beskriuwing De blazoenearring fan it wapen is:

Yn goud in spitsdekte stinspoarte fan kiel, mei yn de topgefel in leelje fan sulver; oer alles hinne in fersmelde rjochterskeanbalke fan azuer.

De heraldyske kleuren binne: goud, kiel (read), sulver en azuer (blau).

Symbolyk

Poartegebou: fertsjintwurdiget de oerbleaune poarte fan Sjuxsmastate. Leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Sjuxsma. Blauwe skeanbalke: ferwiist nei de weagjende skeanbalke fan it wapen fan West-Dongeradiel, de gritenij en gemeente wêr't it doarp earst part fan wie. It stiet ek foar de Dokkumerwei dy troch it doarp hinne rint.

Sjoch ek

Waaksens (Noardeast-Fryslân) Kategory:Waaksens (Noardeast-Fryslân)