Captain America: Civil War is in Amerikaanske superheldefilm út 2016 ûnder rezjy fan 'e bruorren Anthony en Joe Russo, mei yn 'e haadrollen Chris Evans en Robert Downey jr. De titel betsjut "Kaptein Amearika: Boargeroarloch". It ferhaal folget it superheldeteam de Avengers wannear't dat troch ûnderlinge ûnienichheden fan 'e leden útinoar falt. Captain America is wisberet syn falsk beskuldige freon Bucky Barnes, de Wintersoldaat, te rêden, wylst Iron Man like oertsjûge is fan dy syn skuld en de autoriteiten helpt om te besykjen Barnes te deadzjen.
Captain America: Civil War heart ta de Marvel Cinematic Universe-filmsearje. As sadanich waard de film foarôfgien troch Ant-Man (2015) en folge troch Doctor Strange (2016). Yn 'e ferhaalline oer Captain America wie Captain America: Civil War it trêde diel, nei Captain America: The First Avenger (2011) en Captain America: The Winter Soldier (2014). In fjirde diel, Captain America: New World Order, kaam yn 2024 út. Captain America: Civil War krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes en wie in reuseftich kommersjeel súkses yn 'e bioskopen as de meast opbringende film fan 2016.
Plot Yn 1991 wurdt de harsenspielde, fan oarsprong Amerikaanske supersoldaat Bucky Barnes útstjoerd troch de geheime nazy-organisaasje Hydra foar in misje yn syn heitelân. Hy riidt dêr op in ôfhandich plak in auto fan 'e wei ôf, deadet de ûnbekende ynsittenden en stelt út 'e kofferbak in kofferke mei fiif poarsjes searum dêr't supersoldaten mei makke wurde kinne.
Yn 2016 reizget in team fan superhelden, dy't ta de Avengers hearre, ôf nei Lagos yn Nigearia. Steve Rogers alias Captain America, Natasha Romanoff alias Black Widow, Sam Wilson alias Falcon en Wanda Maximoff alias Red Witch komme dêr foar dat Hydra-agint Brock Rumlow in biologysk wapen út in laboratoarium stelle sil. As er finzen nommen driget te wurden, blaast Rumlow himsels op om te besykjen en deadzje Rogers. Wanda brûkt har telekinetyske krêften om 'e ûntploffing in oare kant út te stjoeren en rêdt Rogers it libben. Mar by fersin wurdt troch har yngripen in oanbuorjend gebou troch de eksploazje alhiel ferwoastge, wêrby't inkele tsientallen deaden falle, ûnder wa alle leden fan in humanitêre delegaasje út it Eastafrikaanske lân Wakanda. Wanda is neitiid beroerd fan har flater, mar kin it net wer ûngedien meitsje.
Om't dit ynsidint mar kwealk in jier komt nei't de Avengers yn it Eastjeropeeske lân Sokovia de op 'e rin sleine keunstmjittige yntelliginsje Ultron fersloegen en dêrby de haadstêd fan dat lân folslein ferneatigen (sjoch: Avengers: Age of Ultron), liedt it ta in protte trelit. Yn 'e media wurde fragen steld oer hoe fertroud oft it is dat der lju mei boppenatuerlike krêften omrinne lykas de Avengers en hoe legaal oft it is dat dy op eigen manneboet operearje, dêrby de relevante nasjonale autoriteiten bûtenspul settend. De regearings fan ferskate lannen, wêrûnder de Feriene Steaten, Nigearia en Wakanda, komme mei in plan om 'e superhelden ûnder ynternasjonaal tafersjoch te pleatsen. Dêrta slute 117 lidsteaten fan 'e Feriene Naasjes (FN) de Wenenakkoarten, dy't sa'n foarm fan tafersjoch yn it libben roppe.
Dat tafersjoch komt yn 'e hannen fan Thaddeus Ross, in Amerikaanske âld-generaal dy't earder om 'e nocht besocht hat de Hulk te fangen (sjoch: The Incredible Hulk), en dy't no diplomaat wurden en opklommen is ta de posysje fan minister fan Bûtenlânske Saken fan 'e Feriene Steaten. Dyselde komt del yn it haadkertier fan 'e Avengers en seit harren oan dat se kieze kinne út trije dingen: se ûndertekenje de Wenenakkoarten en jouwe har del ûnder it tafersjoch; se hâlde op mei har superhelde-aventoeren en geane mei pinsjoen; of se negearje de Wenenakkoarten en pleatse harsels dêrtroch bûten de ynternasjonale rjochtsoarder mei as gefolch dat se as kriminelen ferfolge wurde sille.
De Wenenakkoarten soargje foar ferdieldheid tusken de Avengers. Tony Stark alias Iron Man liket in bytsje tafersjoch fan boargerlike autoriteiten in goed ding ta. Hy lijt noch altyd ûnder skuldgefoelens om't Ultron syn kreaasje wie, en hy mist de stabilisearjende faktor fan syn freondinne Pepper Potts, mei't se (tydlik) útinoar binne. James Rhodes alias War Machine en de keunstmjittige, troch ien fan 'e Uneinichheidsstiennen oandreaune yntelliginsje Vision steane fjouwerkant efter Stark, en ek Natasha Romanoff is it mei him iens. Fjouweresom tekenje sy de Wenenakkoarten. Steve Rogers hat lykwols troch skea en skande leard dat men saken fan libben en dea nea oan politisy oerlitte moat. Hy hat folle mear fertrouwen yn syn eigen oardiel en wegeret te tekenjen. Syn kar wurdt bestindige as er nei de begraffenis fan Peggy Carter giet, dy't santich jier lyn de leafde fan syn libben wie. Har muoikesizzer, CIA-aginte Sharon Carter, hellet dêr yn in lykrede in útspraak fan Peggy oan, dy't sei dat men jin nea fan jins stik bringe litte moat troch de oertsjûgingskrêft fan oaren as men wit dat wat men leaut de wierheid is. Sam Wilson is it mei Rogers iens en wegeret ek te tekenjen.
Underwilens spoart Helmut Zemo, in âld-kolonel by de ynljochtingetsjinst fan Sokovia, Vasily Karpov op, in Hydra-agint dy't foarhinne it tafersjoch hie oer de ynset fan Bucky Barnes. Hy stelt it boekje mei de koadewurden dêr't de harsenspielde Barnes mei behearske wurde kin en wol fan Karpov ynformaasje hawwe oer de misje út 1991. Karpov wegeret syn meiwurking, wêrnei't Zemo him fermoardet. Op in konferinsje fan 'e FN yn 'e Eastenrykske haadstêd Wenen, dêr't de Wenenakkoarten formeel yn wurking steld wurde sille, fiere terroristen in bomoanslach út krekt as kening T'Chaka fan Wakanda in taspraak hâldt. Der falle tsientallen deaden, ûnder wa T'Chaka.
Op bylden fan befeiligingskamera's wurdt Bucky Barnes werkend as dejinge dy't de bom pleatst hat. De soan en erfgenamt fan kening T'Chaka, kroanprins T'Challa, swart wraak op Barnes, en yn 'e foarm fan syn alter ego, de superheld Black Panther, set er útein mei in syktocht om him te deadzjen. Rogers, dy't mei Barnes opgroeid is (sjoch: Captain America: The First Avenger) en him noch altyd as in freon beskôget, giet ek op 'e siik nei Barnes, mar om him te rêden. Hy is fan miening dat Barnes syn harsenspieling betsjut dat er net ferantwurdlik holden wurde kin foar syn dieden. Mei help fan CIA-aginte Sharon Carter, dy't harren geheime ynformaasje taspilet, binne Rogers en Wilson de earsten dy't it ferbliuwplak fan Barnes yn 'e Roemeenske haadstêd Boekarest ûntdekke. Dêr besykje se him te beskermjen tsjin 'e kommando-ienheid dy't troch de autoriteiten op him ôfstjoerd is mei de opdracht om him te deadzjen. Teffens reitsje se behelle yn in gefjocht mei T'Challa, dy't mei itselde doel nei Boekarest ôfreizge is. Mei de help fan James Rhodes wit de Roemeenske plysje úteinlik Barnes, Rogers, Wilson en T'Challa te arrestearjen.
T'Challa wurdt neitiid wer op frije fuotten steld. Rogers en Wilson krije in fikse beskrobbing, moatte harren superheldetaris ynleverje en meie tenei harren boppenatuerlike krêften net mear brûke. Barnes wurdt yn in superbefeilige sel pleatst om beoardield te wurden troch de troch de FN oanstelde psychiater Theo Broussard. It is lykwols eins Zemo, yn 'e momkape fan 'e troch him fermoarde Broussard, dy't mei Barnes yn petear giet. Ynstee fan Barnes te ûndersykjen, sabotearret er de stroomfoarsjenning yn it gebou, sadat de befeiligingskamera's útfalle, wêrnei't er it boekje fan Karpov foar it ljocht hellet en de koadewurden oplêst om Barnes yn harsenspieling ta de Wintersoldaat te aktivearjen. Neitiid befreget er Barnes oer de misje fan 1991, wêrnei't er him útstjoert om safolle mooglik opskuor te feroarsaakjen en sa syn eigen ûntsnapping te dekken. Rogers oermasteret Barnes en glûpt mei him fuort.
Letter, as Barnes wer ta himsels kommen is, fertelt er Rogers en Wilson dat Zemo de wiere dieder fan 'e bomoanslach yn Wenen is, en dat dy fan him witte woe wêr't persiis de geheime basis fan Hydra yn Sibearje is, dêr't er wei útstjoerd waard. Ek leit er út dat er op syn misje yn 1991 fiif pûdsjes searum stellen hat om supersoldaten mei te meitsjen, en dat Hydra dat neitiid brûkt hat om fiif nije, noch gewelddiedigere Wintersoldaten mei te skeppen, dy't yn 'e Sibearyske basis yn kryogene stasis holden wurde. Underwilens kriget Stark fan minister Ross 36 oeren om Barnes wer te fangen en Rogers en Wilson op te pakken. Behalven dat er Rhodes, Vision en Natasha Romanoff meitroait, ropt Stark foar dy misje ek de help yn fan T'Challa en fan Peter Parker alias Spider-Man, in fyftjinjierrige jonge út Queens. Rogers en Wilson beslute dat sy de iennichsten binne dy't Zemo tsjinkeare kinne, mei't de autoriteiten, Stark en Rhodes der noch altyd hillich fan oertsjûge binne dat Barnes de dieder fan 'e oanslach yn Wenen is. Sharon Carter besoarget harren op yllegale wize harren superheldetaris werom. Om't se wol foar it ferstân hawwe dat se ferlet hawwe fan fersterking, rekrutearje se Wanda Maximoff, Clint Barton alias Hawkeye en Scott Lang alias Ant-Man foar harren saak.
De konfrontaasje tusken de beide groepen Avengers fynt plak op 'e Lofhaven Leipzig/Halle yn Dútslân, dêr't Rogers-en-dy it fleantúch nei Sibearje nimme wolle. Beide partijen binne oaninoar weage en de striid driget yn in ympasse te einigjen, oant Wilson, Barton, Wanda en Lang harsels opofferje sadat Rogers en Barnes fuortkomme kinne. Likegoed driget T'Challa harren noch tsjin te kearen, oant Romanoff him útskeakelet en de beide mannen tastiet om te ûntsnappen. Rhodes set de efterfolging yn wylst Wilson him wer op 'e hakken sit. Vision wol Wilson delsjitte, mar dy ûntwykt handich syn skot, sadat ynstee Rhodes rekke wurdt. Dyselde stoart fan grutte hichte del en rint by de klap fan it delkommen in dwerslaesy op, sadat er fan 'e mul ôf ferlamme rekket. Wilson, Barton, Wanda en Lang wurde oppakt en op befel fan minister Ross ôffierd nei in driuwende superbefeilige finzenis op iepen see, dy't bekenstiet as it Flot.
Underwilens wurdt yn in Dútske hotelkeamer it stoflik omskot oantroffen fan psychiater Theo Broussard. Dêrmei komt oan it ljocht dat de man dy't Barnes ûnderfrege, net dejinge wie dy't troch de FN stjoerd wie. Yn deselde hotelkeamer wurde ek in prúk en in falsk gebit weromfûn, dy't de drager fan in ôfstân ôf op Bucky Barnes lykje litte soe. Ta syn argewaasje moat Stark tajaan dat Rogers de hiele tiid it gelyk al oan syn kant hie. Hy besiket de finzen Avengers yn it Flot, dêr't dyselden ûnder in rezjym pleatst binne dat sa strang is dat it Stark shockearret. Hy wit Wilson te oertsjûgjen fan syn oprjochte bedoelings, sadat dy him de lokaasje fan 'e Hydra-basis yn Sibearje trochjout. By it ferlitten fan 'e finzenis seit Stark tsjin minister Ross dat dy him dei en nacht opskilje mei, om't er it tige befredigjend fine soe om Ross ris in pear oeren yn 'e wacht te setten.