Zazie dans le métro (Frânsk, "Zazie yn 'e metro") is in roman fan de Frânske skriuwer Raymond Queneau út 1959, útjûn troch Gallimard yn Parys. Raymond Queneau die stúdzje nei de ferskillen tusken skreaune taal en sprutsen taal, dat Zazie brûkt in taal tichterby it sprutsen Frânsk as doe normaal wie.

Ynhâld It is in ferhaal oer in jongfaam dy't har grutte dream wiermeitsje kin: Te riden yn de metro fan Parys. Lykwols is der krekt as hja dêr komt, in staking, dat dat ferhaal giet net troch. Lykwols is der yn Parys grif wat oars te dwaan as allinnich de metro.

Wurdearring Zazie dans le métro waard yn 1999 opnaam yn Le Monde's 100 boeken fan de iuw. It boek waard yn 1960 ferfilme troch Louis Malle.

Kategory:Literêr wurk fan Raymond Queneau Kategory:Frânsktalige roman Kategory:Roman út 1959 Kategory:Literatuer oer famyljerelaasjes Kategory:Literatuer oer travesty Kategory:Literatuer oer homoseksualiteit