It bisdom Görlitz (Dútsk: Bistum Görlitz; Latyn: Dioecesis Gorlicensis) is in roomsk bisdom yn it easten fan Dútslân oan 'e Poalske grins yn 'e tsjerkeprovinsje Berlyn. It is neffens it oantal katoliken fierwei it lytste bisdom fan it lân.

Skiednis Nei de reformaasje wie it katolisisme yn Kar-Brandenburch, yn Neder-Lausitz en yn it noardeastlike diel fan Opper-Lausitz hast folslein fuortfage. Allinne it sistersjinzerske kleaster Neuzelle en de parochy's Jauernick en Wittichenau bleaune roomsk. Mei't yn it ramt fan it Kongres fan Wenen yn 1815 in grut part fan Lausitz oan Prusen tafoel, waard it gebiet fan it hjoeddeiske bisdom mei de bul De salute animarum by it bisdom Breslau yndield.

Op 28 juny 1972 waard de apostoalyske prefektuer Görlitz út gebieten fan it aartsbisdom Breslau (hjoed-de-dei: Wrocław) oprjochte. Op 27 juny 1994 krige it de status fan bisdom.

List biskoppen Apostoalysk administrator 28-06-1972 - 27-06-1994: Bernhard Huhn

Biskop 27-06-1994 - 24-06-2006: Rudolf Müller 24-04-2007 - 08-07-2010: Konrad Zdarsa 18-06-2011 - no: Wolfgang Ipolt

Gorlitz Kategory:Brandenburch Kategory:Saksen (dielsteat) Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1994