Jhr. Willem Johan Hendrik Hora Siccama (Batavia, 2 oktober 1886 – De Haach, 19 juny 1959) wie in Nederlânsk politikus.
Biografy Hora Siccama waard berne yn it doetiidske Nederlânsk-Ynje as soan fan jhr. Louis Thomas Hora Siccama (1849-1931) en Adele Charlotte Bosch (1857-1938). Hie wie folontêr foar de gemeentesekretaris fan Blaricum foar't er yn 1922 beneamd waard ta boargemaster fan Oatmarsum. Fjouwer jier letter krige er op syn fersyk dien. Fan 1928 oant 1936 wie er de boargemaster fan Baarderadiel en dêrnei waard Hora Siccama de boargemaster fan Ljouwerteradiel. Hy gie ein 1951 mei pinsjoen en ferstoar yn 1959 yn 'e âldens fan 72 jier.
Sjoch ek List fan boargemasters fan Baarderadiel List fan boargemasters fan Ljouwerteradiel
Kategory:Frysk politikus Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Boargemaster fan Baarderadiel Kategory:Boargemaster fan Ljouwerteradiel Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Nederlânsk persoan berne yn Nederlânsk-Ynje Kategory:Persoan berne yn 1886 Kategory:Persoan stoarn yn 1959