thumb| Wetterlânske Seedyk by Zuiderwoude. thumb| De sitewaasje yn Waterland yn 1288: de Wetterlânske Seedyk omringt it Wetterlân, mar de binnenmarren yn it noarden steane noch yn iepen ferbining mei de Sudersee. De Wetterlânske Seedyk is de dyk dy’t yn de midsiuwen oanlein om it wetter fan de Sudersee bûten de regio Wetterlân te hâlden. Oan de Wetterlânske Seedyk lizze ferskate dyksdoarpkes lykas Uitdam, Durgerdam en Schellingwoude.
Skiednis Nei de lânoanmakkerijperioade fan de 10e iuw waard it feanlân hieltyd mar lytser, dêrtroch waard beskerming tsjin it wetter fan de Sudersee needsaaklik. Fanôf de 12e iuw begûnen de minsken yn Wetterlân lege kaden te bouwen, dizze kaden waarden stadichoan útwreide en ferhege. By (drigend) lânferlies moasten ek faak ynlaachdiken oanlein wurde.
Neidat it gebiet yn 1288 definityf ûnder it gesach fan de greve fan Hollân brocht wie, waard it dyksûnderhâld sintraal organisearre. Der wie no ek in ôfsletten dykring om Wetterlân hinne. De oan de Sudersee en de IJ grinzende dyk waard de Wetterlânske Seedyk neamd.
Faak soe dizze dykring noch trochbrekke (lêste kear by de Wettersneed fan 1916). Dy wettersneden holden op nei 1932 troch de oanlis fan de Ofslútdyk. Troch de Ofslútdyk waard de Wetterlânske Seedyk in sekundêre dyk. Toch hat de dyk noch altyd it doel om it wetter fan de Iselmar bûten te hâlden. Yn 2016 binne der plannen makke troch it Wetterskip Hollâns Noarderkertier om de dyk takomstbestindich te meitsjen. Sûnt 2021 wurdt der wurke oan de ferheeging en fersterking fan de dyk tusken Durgerdam en Monnickendam.
Route Wetterlânske Seedyk De dykdielen hawwe ferskillende (strjitte)nammen:
Fan noard nei súd:
(Wetterlânske) Seedyk: tusken Monnickendam en Utdam Utdammer Doarpsstrjitte, yn Utdam Utdammerdyk: tusken Utdam en Durgerdam
Fan east nei west:
Durgerdammerdyk, tusken Durgerdam en Skellingwâld Skellingwâlderdyk, tusken de Ringwei A10 en Monnikendammerwei Nijedammerdyk, tusken de Monnikendammerwei en de Waddenwei Ljouwerterwei, tusken de Waddenwei en de Nije Ljouwerterwei Búksleaterdyk, tusken de Nije Ljouwerterwei en de Kadoelenwei Lânsmearderdyk, tusken de Kadoelenwei en it Súdein Eastsanerdyk, tusken it Súdein en de gemeentegrins mei Saanstêd.
Gemeentegrins De Wetterlânske Seedyk wie fanôf 1877 (nei it oanlizzen fan it Noardseekanaal) oant de anneksaasje fan de eardere Wetterlânske gemeenten (Buiksloot, Nieuwendam en Ransdorp) yn 1921 de noardlike grins fan de gemeente Amsterdam.
Beskerme stedsgesicht Op 3 maart 2014 is Amsterdam-Noard oanwiisd as beskerme stedsgesicht. Neist de dykdoarpen lâns de Wetterlânske Seedyk (Schellingwoude, Nieuwendam, Buiksloot en de lintbebouwing fan de Oostzanerdijk) en Ald-Noard (Van der Pekelbuert en Fûgelbuert) mei de strook lâns it Noard-Hollânsk Kanaal, bin ek de túndoarpen Nieuwendam, Buiksloot, Eastsaan, Disteldorp en Vogeldorp ûnderdiel fan it beskerme stedsgesicht.
Literatuer
José Lutgert (samensteller) De Waterlandse Zeedijk, de geschiedenis van een oude zeedijk in Amsterdam-Noord, Stichting Historisch Centrum Amsterdam-Noord, 1994, José Lutgert en Dick Reedijk (samenstellers) Als Amsterdam zich over ons ontfermt, de geschiedenis van de inlijving bij Amsterdam van de gemeenten Buiksloot, Nieuwendam en Ransdorp in 1921, Stichting Historisch Centrum Amsterdam-Noord, 1996, Gerrit van Zeggelaar et al Terugblikken op Waterland. Hoofdstukken uit de geschiedenis van Amsterdam-Noord, Stichting Historisch Centrum Amsterdam-Noord, 2000.
Eksterne keppeling
Wetterlânske Seedyk op Beeldbank Amsterdam
Sjoch ek Noarder IJ- en Seedyk
Kategory:Dyk yn Nederlân Kategory:Wetterlân Kategory:Iselmar Kategory:Bouwurk út de 13e iuw