De prehistoaryske pealwenten yn 'e Alpen binne in groep fan 111 archeologyske fynplakken yn it Alpegebiet. Op 27 juny 2011 binne dy plakken by de 35e sitting fan 'e Kommisje foar it Wrâlderfgoed troch UNESCO erkend as wrâlderfgoed en op 'e list tafoege. It binne de lokaasjes fan foarhistoaryske pealwenten yn en om de Alpen, dy't likernôch 5.000 oant 500 f.Kr. oan 'e iggen fan rivieren, marren en sompen boud waarden.

De fynplakken lizze yn Dútslân, Frankryk, Itaalje, Eastenryk, Sloveenje en Switserlân. De measte lokaasjes (56) lizze yn Switserlân yn bygelyks Beinwil am See, Seengen, Biel, Lüscherz, Twann, Vinelz en Gletterens.

Undersyk op guon lokaasjes joegen ynsjoch oer de libbensomstannichheden yn it Neolitikum (4.400 oant 3.500 f.Kr.), de Brûnstiid (2.200 oant 800 f.Kr.) en de iere Izertiid (sûnt 750 f.Kr.) yn 'e Alpen. De fynsten fertelle oer it deistich libben, de lânbou en de feehalderij fan 'e iere boeren. De âldste fynsten fan tsjillen en tekstyl yn Europa fan likernôch 3.000 f.Kr. hearre ta belangrike fynsten.

De earste archeologyske fynst datearret fan 1863 oan 'e Mar fan Zürich. It Pealwentemuseum yn it Dútske Unteruhldingen oan 'e Bodensee biedt in rekonstruksje fan sokke pealwenten.

Kategory:Wrâlderfgoed yn Dútslân Kategory:Wrâlderfgoed yn Eastenryk Kategory:Wrâlderfgoed yn Frankryk Kategory:Wrâlderfgoed yn Itaalje Kategory:Wrâlderfgoed yn Sloveenje Kategory:Wrâlderfgoed yn Switserlân Kategory:Archeologysk fynplak yn Dútslân Kategory:Archeologysk fynplak yn Eastenryk Kategory:Archeologysk fynplak yn Frankryk Kategory:Archeologysk fynplak yn Itaalje Kategory:Archeologysk fynplak yn Sloveenje Kategory:Archeologysk fynplak yn Switserlân