Auke de Boer (Vleuten, 12 novimber 1918 – Varsseveld, 20 oktober 2014) wie in Nederlânsk politikus fan de VVD.
Biografy Hy studearre ekonomy oan 'e Nederlânske Ekonomyske Hegeskoalle (Nederlandsche Economische Hoogeschool) yn Rotterdam. Fan 1942 oant 1944 wie er adjunkt-sekretaris fan de Bedriuwsgroep Stien-, Semint-, Glês- en Fynkeramyske Yndustry. Nei de Twadde Wrâldkriich wurke er foar de Keninklike Paketfeart Maatskippij (KPM) yn it doetiidske Nederlânsk-Ynje en Austraalje. Yn 1948 kaam er werom yn Nederlân en wurke er foar de gemeenteskretaris yn Doesburch. Ein 1951 waard er beneamd ta boargemaster fan Ljouwerteradiel en yn maaie 1962 waard er beneamd ta boargemaster fan Wynskoat. Yn novimber 1971 waard er boargemaaster fan Wisch itjinge er oant syn pinsjoen yn 1983 bliuwe soe. Ein 2014 ferstoar er yn 'e âldens fan 95 jier.Overlijdensbericht Auke de Boer. Argivearre op 17 septimber 2016.
Sjoch ek List fan boargemasters fan Ljouwerteradiel
Kategory:Frysk politikus Kategory:Frysk boargemaster Kategory:Frysk liberaal Kategory:Nederlânsk politikus Kategory:Nederlânsk liberaal Kategory:Boargemaster fan Ljouwerteradiel Kategory:Nederlânsk persoan fan Frysk komôf Kategory:Persoan berne yn 1918 Kategory:Persoan stoarn yn 2014