Herman Bernard Reinders (Winterswijk, 19 juny 1937) is in Nederlânsk politikus, boargemaster en direkteur.
Libben en wurk Reinders, soan fan in gemeenteamtner yn Winterswijk, studearre maatskiplike geografy oan de Universiteit fan Utert. Nei syn ôfstudearjen keas er foar in karriêre by de oerheid. Hy wie lid fan de PvdA. Yn 1975 waard er beneamd ta boargemaster fan Drintske Gasselte. Yn 1984 waard er beneamd ta boargemaster fan It Hearrenfean. Yn 1993 einige er syn politike en bestjoerlike karriêre en waard sekretaris fan de Keamer fan Keaphannel yn Fryslân. Yn syn boargemasterskip fan Gasselte fersette er him tsjin it proefboarjen yn de sâltkoepels yn de grûn ûnder de gemeente Gasselte foar de opslach fan kearnôffal. De demonstraasje tsjin de opslach fan kearnôffal op 2 juny 1979 yn Gasselte luts grutte belangstelling en wie freedsumAksjes tsjin kearnenerzjy 1960-2006Herman Reinders: na negen jaar bestuurlijk uitgekeken - Leeuwarder Courant, 15 maart 1984 (fia Delpher).
Reinders is offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Sjoch ek List fan boargemasters fan It Hearrenfean
Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Boargemaster fan It Hearrenfean Kategory:PvdA-politikus Kategory:Nederlânsk bestjoerder Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Ofsier yn de Oarder fan Oranje-Nassau Kategory:Achterhoeksk persoan Kategory:Persoan berne yn 1937