Hendricus (Henk) Hellinga (Heiloo, 28 febrewaris 1923 – It Hearrenfean, 1 novimber 1990) wie in Nederlânsk politikus fan de PvdA.
Nei de ulo begûn er yn 1939 syn amtlike karriêre as frijwilliger by de gemeente Broek op Langedijk oant dy gemeente yn 1941 fusearre mei buorgemeenten ta de nije gemeente Langedijk dêr't er amtner waard. Healwei 1943 waard er ûntslein fanwegen syn wegering om lid te wurden fan de Nederlânske Arbeidstsjinst (Arbeitseinsatz). Neitiid wurke er min of mear klandestyn by de gemeente Wanneperveen.
Yn 1946 begûn er as plakferfangend kommissaris te wurkjen by it gemeentesekretariaat fan Opsterlân, dêr't er haadkommissaris B waard. Yn desimber 1962 waard Hellinga beneamd ta boargemaster fan Ljouwerteradiel en yn febrewaris 1969 waard er beneamd ta boargemaster fan It Hearrenfean. Yn 1981 joech er it lidmaatskip fan de PvdA op neidat partijfoarsitter Max van den Berg oproppen hie om in demonstraasje by de Kearnsintrale yn Dodewaard. Hy gie begjin 1984 mei betiid pinsjoen en Hellinga ferstoar ein 1990 yn 'e âldens fan 67 jier.
Sjoch ek List fan boargemasters fan Ljouwerteradiel List fan boargemasters fan It Hearrenfean
Kategory:Nederlânsk boargemaster Kategory:Boargemaster fan It Hearrenfean Kategory:PvdA-politikus Kategory:Nederlânsk sosjalist Kategory:Frysk sosjalist Kategory:Frysk persoan fan Nederlânsk komôf Kategory:Persoan berne yn 1923 Kategory:Persoan stoarn op It Hearrenfean Kategory:Persoan stoarn yn 1990