It bisdom Aken (Latynsk: Dioecesis Aquisgranensis) is in roomsk bisdom yn 'e Dútske tsjerkeprovinsje Keulen. De biskopssit is de domtsjerke fan Aken, dy't as earste monumint fan Dútslân yn 'e list fan it UNESCO-wrâlderfgoed opnommen waard.
thumb|left|Domtsjerke fan Aken. It bisdom leit yn it meast westlike diel fan 'e dielsteat Noardryn-Westfalen en grinzget oan 'e Dútske kant oan it aartsbisdom Keulen en de bisdommen Münster, Essen en Trier. Oan 'e Nederlânske kant grinzget it bisdom oan it bisdom Roermond en oan 'e Belgyske kant oan it bisdom Luik.
Skiednis Oarspronklik hearde Aken by it prinsbisdom Luik. Nei it konkordaat fan 15 july 1801 wie der yn 'e Frânske tiid foar in lyts skoft in ûnôfhinklik bisdom Aken. Nei de Frânske tiid waard yn 1821 it Prusyske diel fan it bisdom by it aartsbisdom Keulen yndield. Op 30 augustus 1930 waard mei de bul Pastorale officii nostri it bisdom Aken op 'e nij stifte.
Biskoppen 1802-1809 Marc-Antoine Berdolet 1810-1814 Jean-Denis-François Camus 1814-1825 sedisvacatie
1930-1937 Joseph Vogt 1937-1943 sedisvacatie 1943-1954 Johannes Joseph van der Velden 1954-1974 Johannes Pohlschneider 1975-1994 Klaus Hemmerle 1994-2015 Heinrich Mussinghoff 2016- Helmut Dieser
Kategory:Bisdom yn Dútslân Kategory:Organisaasje oprjochte yn 1930 Kategory:Noardryn-Westfalen