It bisdom Regensburg (Dútsk: Bistum Regensburg; Latynsk: Dioecesis Ratisbonensis) is in roomsk bisdom yn Dútslân.

It bisdom bestiet sûnt it jier 739 en waard troch Bonifatius ynsteld. De earste biskop wie Gaubald. Biskop Wolfgang stifte yn it jier 975 it âldste jongeskoar fan 'e wrâld, de Regensburger Domspatzen.

De sit fan it bisdom is yn Regensburg, dêr't de domtsjerke stiet. It bisdom leit yn it noardeastlike diel fan Beieren. Wat oerflak oanbelanget is Regensburg it grutste bisdom fan Beieren.

Sûnt 1817 is it bisdom suffragaan oan it aartsbisdom München en Freising. Patroanhillige fan it bisdom is Wolfgang fan Regensburg.

Bekende biskoppen Emmeram fan Regensburg, hillige martler, 2e helte 7e-iuw Rupert fan Salzburg, hillige, biskop ± 697 (ûnwis) Erhard fan Regensburg, hillige, biskop foar 720 Wolfgang, hillige, biskop fan 972 oant 994 Albertus Magnus, hillige, bynamme de Grutte, biskop fan 1260 oant 1262 Karl Theodor von Dalberg, karfoarst en bisdom administrator fan 1803 oant 1805, aartsbiskop, metropolyt en primas fan Dútslân fan 1805 oant 1817 Johann Michael von Sailer, biskop fan 1829 oant 1832 Georg Michael Wittmann titulêr biskop fan Comama en wijbiskop fan Rengenburg, biskop fan Regensburg fan 1832 oant 1833 Michael Buchberger, teolooch, biskop fan 1927 oan 1961, krige yn 1950 de persoanlike titel aartsbiskop Gerhard Ludwig Müller, teolooch, biskop fan 2002 oant 2012, dêrnei oant 2017 prefekt foar de Kongregaasje foar de lear fan it Leauwe, kardinaal

Regensburg Kategory:Organisaasje oprjochte yn 739